Garaazje útbaarnd op De Gordyk

01 des 2006 - 10:07

Oan de Heerenacker op De Gordyk is yn de nacht nei freed in garaazje achter in wente útbaarnd. De brân is nei alle gedachten oanstutsen. De brânwacht wie der gau by, mar koe net foarkomme dat de garaazje en in skuorre ferlern giene.

In njonkenlizzende garaazje waard wiet holden troch de brânwacht en koe beholden bliuwe. De plysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)