Goede ideeën by Fiersichtedebat

De Fryske Fiersichte-debatten ha in soad goede ideeën opsmiten dy't oars net nei bûten kaam wiene. Dat seit Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels. Tongersdeitejûn wie de lêste 'fiersichtejûn' foar Friezen om utens yn Amsterdam.
Dat hat opnij in soad goede ideeën oplevere. Sa moatte grutte literêre skriuwers út it hiele lân oer Fryslân skriuwe en moat der in oerdekte Alve- stêdetocht komme yn in grutte iisbaan.