Regiotaxi NE-Fryslân net nedich

30 nov 2006 - 17:40

De regiotaxi yn Noardeast-Fryslân kin opdoekt wurde, no't it iepenbier ferfier in stik better wurdt. Dat ferwachtet ferkearswethâlder Willemsma fan Dongeradiel. Op 10 desimber nimt Connexxion yn in grut part fan Fryslân it iepenbier ferfier oer fan Arriva.

Connexxion sil 47 persint mear ritten útfiere as Arriva. Connexxion wol sa mear reizgers lûke. Gemeenten en provinsje tinke dat de regiotaxi hjirtroch net langer nedich is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)