Post amazones Marrum nei Mearum

In grut part fan 'e fanmail foar de seis amazones dy't op 3 novimber de hynders yn it Noarderleech rêden is net yn Marrum mar it Grinslanner Mearum besoarge. De froulju krije post en e-mail út de hiele wrâld. Fierder hawwe de froulju ek pûden hynstefoer, mp3-spilers en dinerbonnen krigen.
De amazones begjinne wat harren nocht te krijen fan alle oandacht. Alle brieven en reaksjes wurde meikoarten útstald yn de Seedykster toer.