Aksjebrief tsjin ôffalûne Harns

Yn Harns en omkriten is hûs-oan-hûs in brief besoarge dy't de ynwenners warskôget foar de skealike gefolgen fan 'e komst fan in ôffalûne fan Omrin. Neffens de skriuwers ha de omwenjenden gjin goeie ynformaasje krigen fan 'e gemeente. Yn it brief wurdt warskôge foar benammen dioksine.
Omrin is net bliid mei it brief. Neffens wurdfierder De Jong soene der in soad flaters yn it brief stean. Sa soe mar kwalik dioksine frijkomme.