SBO H'fean yn Oppotters top 10

30 nov 2006 - 14:37

SBO Hearrenfean stiet yn de Oppotters Top 10 fan ûnderwiis Aob. Neffens it bûn soe de skoalle foar folle mear jild sparje as nedich. De direksje seit dat it jild nedich is foar it beteljen fan de nijbou.

Skoallen fertsjinje ek aardich mei belizzeings. De boargemaster Harmsmakoalle fan De Gordyk hat 3,6 miljoen euro belein. It Aob fynt dat skoallen it jild ynvestearje moatte yn ûnderwiisferbetterings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)