Stadionferboden by Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat in oantal stadionferboden útdield. It soe gean om sa'n tsien supporters. Yn brieven oan de fans dy't in ferbod krigen hawwe stiet dat dit dien is fanwege opruiing by de wedstriden tsjin AZ en Parma.
Dêrneist binne der jonges dy't straft binne fanwege húsfredebreuk omdat se by in training sûnder tastimming it stadion yn gongen binne. Hearrenfean wol net op de kwestje reagearje.