Kettingbotsing op N358

30 nov 2006 - 08:29
Foto: Omrop Fryslân

Op de N358 fan de Drachtsterbrêge yn Ljouwert nei Himriksein hat tongersdeitemoarn in kettingbotsing west. Fjouwer auto's botsten opinoar. Der rekken gjin minsken ferwûne, mar de ambulânse hat der noch wol even by west.

It ferkear hat sawat trije kertier lest hân fan de stremming. Om even nei healwei njoggen wie de dyk wer frij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)