Plan foar ûntsluting De Koaten

© Omrop Fryslân
De wenwyk de Koaten yn Koatstertille krijt mooglik in nije ûntslutingsdyk. De gemeente Achtkarspelen lit de mooglikheden dêrta ûndersykje. De wyk moat oanslute op de parralleldyk fan de N369 nei Drachten. Dêr wiene earder ek al plannen foar, mar doe fûn de provinsje it te gefaarlik.
Der komt no in rekonstruksje fan dy provinsjale dyk N369. Dat jout nije mooglikheden foar de ûntslutingsdyk foar De Koaten, fynt de gemeente.