Undersyk Van Harinxmakanaal

© Omrop Fryslân
De provinsje hat ûndersyk dien nei de mooglikheden grutte frachtskippen oer it Van Harinxmakanaal farre te litten. In 110 meter lang skip gie fan de Fonejachtbrêge oer Ljouwert nei Harns en werom. Trije skippen fan Provinsjale Wettersteat wiene derby om mjittings te dwaan, ûnder oare oer wetterbewegings.
It skip is stadich troch it kanaal gien en koe alle brêgen passearje, al wie der betiden mar in bytsje romte.