Gjin kopiearkosten bledmuzyk

© Omrop Fryslân
De ekstra kopiearkosten foar blêdmuzyk binne fan de baan. Muzykferienings en koaren yn Fryslân binne tige bliid mei dat beslút.
Foar de simmerfakânsje krigen alle amateurkoaren en -korpsen in brief fan de stichting Musicopy mei it oanbod om in lisinsje ôf te sluten. Oars soene der kontrôles komme. Keamerlid Joop Atsma hat fragen steld oan de minister oer de gong fan saken. Uteinlik giet it no dochs net troch.