Grêfstiennen foar asylsikers

29 nov 2006 - 14:40

Acht ferstoarne asylsikers út Fryslân hawwe in eigen tinkstien krige yn Sint Anne. De flechtlingen binne op kosten fan it COA begroeven op it begraafplak yn it doarp, mar der wie gjin jild foar in grêfstien.

In groep keunstners hat no om 'e nocht tinkbylden makke en dy binne woansdei te plak set. It inisjatyf komt fan Frits Slicht fan Amsterdam. Hy hearde fan de anonime grêven en belle mei de gemeente It Bilt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)