Nije seinen foar treinen

29 nov 2006 - 14:15
Foto: Omrop Fryslân

Spoarbehearder Prorail sil op in tal plakken by it Fryske spoar in nij befeiligingsysteem ynstallearje. Op stasjons en bûtenspoaren komme nije seinen.

Oanlieding foar de ferfangingsoperaasje is in lanlik ûndersyk nei ûngelokken mei treinen. In faak foarkommende oarsaak is dat treinen troch it reade ljocht riden. It nije systeem soarget derfoar dat dat minder gau bart.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)