Foar twa euro mei de bus

© Omrop Fryslân
Busreizgers kinne fan tsien desimber ôf foar twa euro reizgje op de bussen fan Connexxion. In strippekaart is dan net mear nedich. It dalkaartsje is jildich yn it wykein en op feestdagen. Ek op wurkdagen nei healwei tsienen kin der mei it dalkaartsje reizge wurde.
It kaartsje is te keap by de bussjauffeur en it is twa oeren jildich. Yn de skoalfakânsjes kostet de dalkaart ien euro.