Eigen wetterfoarsjenning Amelân?

© Omrop Fryslân
It Amelân stint op mooglikheden om sels yn it drinkwetter te foarsjen. Sa kin rein-, see- en ôffalwetter ferwurke wurde ta drinkwetter. No komt it grutste part fan it drinkwetter noch fan 'e fêstewâl. Mar de oanfierpiip giet lykwols noch mar fyftjin jier mei. Oer de alternativen moat noch praat wurde mei de Amelanners. Sa sil it grûnwetterpeil omheech gean en moat der opslachplak foar it wetter komme.