Provinsjaal alarmsysteem AED

21 mrt 2012 - 13:50

Yn oktober giet it AED-alert yn wurking. Dit provinsjaal alarmearingssysteem foar de AED is in gearwurking mei de meldkeamer, plysje, GGD en soarchfersekerder De Friesland. Fia in sms wurde minsken frege dy't reanimearje kinne en binnen seis minuten by it slachtoffer komme kinne. Yn de sms wurdt ek de lokaasje fan de AED dy't it tichtstby is meld en de koade. Minsken kinne har frijwillich oanmelde foar de alarmearing. De Friesland jout fergees reanimaasjekursussen. Der is in soad belangstelling foar. Sa'n 4.000 minsken wurde oplaat.

Trefwurden: 
AED alarmsysteem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)