FVC net wiis mei ferhûsplannen

29 nov 2006 - 06:36

De ferhuzing fan 'e Ljouwerter fuotbalklub FVC fan de Hemrik nei sportkompleks Wiarda driget net troch te gean. Fuotbalklub Blau Wyt spilet al op Wiarda en dêr soe FVC net mear by kinne. Boppedat kostet it te folle jild, fynt it kolleezje fan B&W.

De ried hat it lykwols ôftwongen dat de ferhûzing regele wurde moat. It soe kinne dat FVC letter wer trochferhuzet. Dat kostet de gemeente in heal miljoen euro ekstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)