ATF hie ferkeard blussysteem

28 nov 2006 - 17:42

Offalferwurker ATF Drachten hie in ferkeard blussysteem. Dat waard tiisdei dúdlik op 'e twadde dei fan de strafsaak tsjin de trije eardere direkteuren. By de brân yn 2000 gie 480 ton gemyske stoffen de loft yn.

De blusynstallaasje wurke mei skûm en dat is net geskikt foar gemyske brannen. It Nibra hat dy konklúzje lutsen. De ATF, de gemeente Smellingerlân en de provinsje wisten net dat it blussysteem net helpe soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)