Parkeargaraazje Aldehou iepene

28 nov 2006 - 16:22

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is tiisdei de nije parkeargaraazje iepene. Wethâlder Krol ried der as earste mei syn auto yn.

De garaazje is in wike letter klear as de bedoeling wie. Der moast nij glês besteld wurde omdat in pallet mei glês foar it tagongshúske fallen wie. De boufakkers hawwe de lêste wiken oeroeren makke om alles klear te krijen. Yn 'e kelder by de Aldehou kin fiifhûndert auto's stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)