Hearrenfean bliuwt koprinner

© Omrop Fryslân
De beloften fan SC Hearrenfean binne noch hieltiten koprinner. Jong Hearrenfean wûn moandei yn in minne wedstriid mei 2-0 fan Heracles. Fral yn de earste helte wie de ploech fan trener Henk Herder oppermachtich, mar sprong it ûnsoarchfâldich mei de kânsen om. Reza Ghoochannejhad soarge foar de 1-0 rêststân.
Tsien minuten foar de ein makke de Urugayaan Gonzalo Garcia-Garcia de twadde goal foar sc Hearrenfean.