Dronken Burgumer rydt sleat yn

© Omrop Fryslân
In 60-jierrige automobilist út Burgum is moandeitejûn oanhâlden yn ferbân mei riden ûnder ynfloed fan alkohol. De man ried oer de Alde Kommisjewei yn Burgum, rekke fan de dyk en kaam yn de sleat telâne.
De Burgumer rekke net ferwûne by it ûngelok. Hy krige wol in rydferbod fan njoggen oeren. Fierders waard syn rydbewiis ynnaam en der is in proses- ferbaal opmakke.