MCL slút twa ôfdielings

27 nov 2006 - 16:58
Foto: Omrop Fryslân

It MCL slút twa ferpleechôfdielingen, yn Harns en yn Ljouwert, om sa 7,5 miljoen te besunigjen. Yn Harns wurdt in ôfdieling fan 18 bêden sletten, dêr't 25 minsken wurkje. Der falle gjin ûntslaggen, want de minsken kinne op oare plakken oan it wurk.

Yn Ljouwert wurdt in ôfdieling mei 46 bêden sletten. Dêrmei is de 7,5 miljoen noch lang net op it kleed. Dêrom wurdt noch besjoen wat der fierder barre moat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)