Baggerwurk by Sleattemermar

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân begjint no freed mei it baggerjen fan de farwegen yn en om de Sleattemermar by Sleat. It giet hjir om it tredde baggerwurk yn it ramt fan it Fryske Marren Projekt. De bagger wurdt ôffierd nei de eardere sânwinput Eastergea by de Tsjûkemar.
De wurksumheden moatte foar it farseizoen fan 2007 dien wêze. Meiinoar wurdt 85 kilometer farwei baggere en de kosten binne 7,2 miljoen euro. Yn 2008 is it projekt klear.