Ynternetboeke Doeksen rint goed

27 nov 2006 - 12:36

Goed 40 persint fan de minsken dy't mei de boat nei Flylân of Skylge fart, boekt it kaartsje fia ynternet. Sûnt 1 novimber is dat mooglik foar boat- tochten fanôf takom jier 8 jannewaris.

Rederij Doeksen soe it systeem al yn maart ynfiere, mar doe wiene der problemen mei de software. Doeksen rekkent op 2 oant 3 persint mear passazjiers no't minsken fia ynternet boeke kinne. Foarhinne koene auto's wol boekt wurde mar passazjiers net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)