Ireen Wüst wer fit foar it WK

© awfoto.nl
It WK reedriden per ôfstân wurdt kommend wykein yn Thialf hâlden. Ireen Wüst fan It Hearrenfean helle ferline jier yn Inzell twa kear goud en twa kear sulver. Se komt alle fjouwer dagen yn aksje op it iis fan It Hearrenfean. Wüst moast fanwege gryp de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn misse, mar is wer better en ekstra motivearre om de konkurrinten te ferslaan. Sven Kramer wol goud op de 5000 meter, Margot Boer wol revâns op de 1000 en 500 en Jillert Anema hopet dat syn mannen fan de BAM-ploech by de 10 kilometer alle trije op it poadium komme.