Sieswerda listlûker D66
Johan Sieswerda en Ursi Frehner sille de D66-karre lûke by de provinsjale steateferkiezings it oare jier maart. Sieswerda is op 't heden de iennige D66'er yn de steaten. Frehner hat in tal perioaden riedslid yn Lemsterlân west.
Op trije stiet Bart Jan de Vries fan Ljouwert dy’t by de gemeenterieds- ferkiezings fan dit jier listlûker yn Ljouwert wie.