De Jouwer ferliest fan Enschede

© Omrop Fryslân
De Jouwer is der snein op 'e nij net yn slagge om ta in oerwinning te kommen yn de sneinshaadklasse C. Yn en tsjin Enschede waard mei 1-0 ferlern. By it skoft wie de stân noch 0-0.
Enschede kaam tweintich minuten foar tiid op foarsprong fia in goal fan Metin Aydin. Trije minuten foar tiid krige Enschede ek noch in pengel, mar keeper Ernst Pieter Bantema kearde de ynset fan Dennis Sepp.