Ferlies foar Hearrenfean

26 nov 2006 - 16:26

SC Hearrenfean hat snein mei 1-3 ferlern fan AZ. De Feansters kamen nei tweintich minuten wol op foarsprong fia Alves. Even letter makke Arveladze gelyk foar de Alkmaarders.

Nei rêst krige AZ mear de oerhân yn it boeiende duel. Yn de lêste tsien minuten skoarden Koevermans en Martens foar de besikers. Troch de nederlaach sakket Hearrenfean nei it achtste plak. De oansluting mei de subtop is no fier fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)