Mishannelers oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn trije jonges út Noardburgum en ien út Feanwâlden oanholden foar iepenlike geweldpleging. De jonges hiene trije oare jongeren lestichfallen en molesteard. Dat barde doe't de iene groep de oare op de fyts ynhelle op de Hoofdwei.
Ien fan de slachtoffers, in jonge út Noardburgum, waard fan de fyts lutsen, slein, skopt en yn 'e sleat treaun. In oar waard ek slein, mar koe ûntkomme.