Wrâldbeker-debút Leenstra

26 nov 2006 - 15:34

Reedrydster Marrit Leenstra fan Wikel hat snein har debút makke yn it wrâldbekersirkwy. By de 1500 meter yn de B-groep einige se yn in tiid fan 2.03,87 as sechde.

Yn de A-groep wie Anni Friesinger oppermachtich op de 1500 meter. Mei in foarsprong fan hast twa sekonden op de nûmer twa Christine Nesbitt, wûn Friesinger de ôfstân yn 1.56,40.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)