Trainer SC Joure fuort

26 nov 2006 - 14:53

Trainer Henk Konings giet oan de ein fan dit seizoen by fuotbalhaadklasser SC Joure wei. De klub en trainer sizze yn goed oerlis besletten te hawwen om de gearwurking nei dit seizoen stop te setten.

Konings is oan syn twadde seizoen by SC Joure dwaande. De klub stiet op dit stuit sawat ûnderoan mei 4 punten út tsien wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)