Drokte by maritime feiling

26 nov 2006 - 14:03

De maritime feiling yn it Aquaverium yn Grou hat sneon hûnderten minsken lutsen. De belangstellenden kamen út it hiele lân wei. Njonken de feiling wie it ek sjochdei.

In soad minsken kamen út nijsgjirrigens, mar guon wiene der ek om echt wat te keapjen. Der wie fan alles wat te krijen dat te krijen hat mei it wetter, fan swimfesten oant in boat fan 155-tûzen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)