Hoekstra beneamd ta ynformateur
De formaasje fan in nij kabinet krijt in Frysk tintsje. Keninginne Beatrix hat sneon Rein Jan Hoekstra beneamd as ynformateur. Hoekstra waard yn 1941 berne yn Dokkum.
Hoewol't Hoekstra al as bern nei Stadskanaal ferhuze, is Fryslân altyd yn byld bleaun. Fraksjefoarsitter Femke Halsema fan GroenLinks hie in oare Fries as ynformateur op it each: Doekle Terpstra fan de HBO-ried.