Aris komt tekoart tsjin Capitals

26 nov 2006 - 12:43

De basketballers fan Woon!Aris hawwe sneontejûn mei 86-82 ferlern fan de Capitals út Grins. De Ljouwerters hiene yn it begjin in oerwicht en pakten in foarsprong fan 13 punten.

Fan it tredde kwart ôf namen de Capitals it inisjatyf oer. De thúsploech kaam yn dat kwart foar it earst yn de wedstriid op foarsprong en joech dy net mear út hannen. Topskutter by Aris wie Kemmy Burgess, mei 23 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)