Glêzewasker fan ljedder fallen
In glêzewasker is freed yn Koatstertille fan in tsien meter hege ljedder fallen. De man wie oan it wurk, doe't de ljedder fuortglied. Dy stie op in flonder.
De man wie nei dy fal noch goed by kennis, mar foar de wissichheid is in trauma-helikopter ynskeakele om de man nei it sikehûs fan Drachten te bringen. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk.