Kontrôle op spjirringfiskjen

De provinsje nimt maatregels tsjin fiskers dy't der op út gean om spjirring te fiskjen op de Iselmar. Earder hie de provinsje in fergunning ôfjûn foar it spjirringfiskjen, mar de Ried fan Steat hat dêr tiisdei in streek troch helle. De Ried die dat nei beswieren fan de Fûgelbeskerming. Ferskate fûgelsoarten soene yn problemen komme troch it fiskjen om't der net genôch spjirring yn de mar achter bliuwt. De fûgelbeskerming wol mei de fiskers prate om te kommen ta in mear duorsume fiskerij.