Tonerfill hâldt dermei op

It bedriuw Tonerfill yn Ljouwert hâldt dermei op. Dat ha de ried fan kommissarissen en de ried fan bestjoer freed besletten. By it bedriuw wurkje 74 minsken. Tonerfill is in bedriuw dat printer-cartridges skjinmakket, reparearret en follet.
De direksje giet der fanút dat fan 1 april ôf begûn wurdt mei it stillizzen fan ferskate ôfdielings. It is de bedoeling om alle aktiviteiten foar 30 juny takom jier stil te lizzen.