RSG Snits wint prizen mei Dútsk

© Omrop Fryslân
Twa learlingen fan RSG Magister Alvinus yn Snits hawwe hege prizen wûn op de Deutsch-Olympiade yn Amsterdam. Franziska Mattler (14) fan De Lemmer en Jorrit Kuiper (17) fan Snits waarden earste en tredde. De wedstriid fûn plak op it Goethe Institut.
De learlingen moasten mei ferskate tests sjen litte hoe't harren kennis fan de Dútse taal is. De priis is in besite oan it Haus der Geschichte yn Bonn.