Jong Oranje - Israël en België

25 nov 2006 - 09:12

Jong Oranje spilet by it EK foar ûnder de 21 jier yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean tsjin Israël en België. De ploech fan bûnscoach Foppe de Haan spilet op 10 juny takom jier de iepeningswedstriid fan it toernoai tsjin Israël en op 16 juny tsjin de Belgen.

Dêr tuskentroch komt Jong Oranje noch út tsjin Portugal yn Grins. Der komt mooglik mear befeiliging, no't Israël meidocht, neffens SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)