Unrêst troch ombou Konmar yn AH

© Omrop Fryslân
Der is ûnrest ûnder it personiel fan Albert Heijn yn Drachten. Dat seit FNV-bestjoerder Henk van der Ploeg. Albert Heijn hat yn Drachten fan de oernommen Konmar-winkel in twadde AH makke. Personiel is oerpleatst en tagelyk wurdt der reorganiseard. Boppedat binne de arbeidsbetingsten noch ûndúdlik.
Neffens Van der Ploeg rint AH te hurd fan stapel mei de ombou. AH wol der net te folle op yngean.