MCL docht it goed

24 nov 2006 - 14:14

It sikehûs MCL yn Ljouwert komt út in ûndersyk fan it konsumintebûn nei foaren as bêste sikehûs fan Nederlân. It MCL moat dat earste plak wol diele mei it sikehûs fan Nijmegen. Op it fyfde plak stiet Nij Smellinge yn Drachten.

It bûn hat sjoen nei hoe't pasjinten fersoarge wurde by acht syktes. Dêr is sjoen nei it jaan fan ynformaasje, it neikommen fan ôfspraken en de termyn foar't de pasjint holpen wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)