Rendert Algra rêdt it net op

It is frijwol útsletten dat it Fryske CDA-Twadde Keamerlid Rendert Algra werom komt yn de Twadde Keamer. Algra hat yn Fryslân goed 9.000 foarkarstimmen krigen, wylst hy der sa'n 16.000 nedich hat. Algra hat de ôfrûne moannen bot oan it aksjefieren west foar in plak yn de keamer.
It CDA hie Algra op in ûnferkiesber 54ste plak set, omdat hy de ôfrûne perioade in pear kear oars stimde as de rest fan syn fraksje.