Jonkje fermist yn Ljouwert

21 mrt 2012 - 12:32

De plysje ropt minsken op út te sjen nei Joran Hiemstra. It jonkje fan sân jier wurdt sûnt 11.30 woansdeitemoarn fermist. Hy is fuortrûn fan de skoalle foar spesjaal ûnderwiis oan de Wilaarderburen yn Ljouwert. Joran is lyts foar syn leeftiid, hat ljocht hier en blauwe eagen. Hy hat in spikerbroek oan mei gatten op de knibbel, in oranje trui, in blau-grize jas en blauwe skuon. Joran kin soms wat frjemd reagearje as er oansprutsen wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)