Wesseling mist nijs op website

Cambuur-trener Roy Wesseling is min te sprekken oer it feit dat op de website fan Cambuur gjin melding makke wurdt fan de parsepriis dy't hy sneon krijt fan de feriening fan Fryske sjoernalisten. Alle súksessen fan de klub wurde meld, mar as de trener in priis wint omdat hy de klub goed presintearret, dan is dat blykber gjin reden om oer te skriuwen.
Wesseling fynt dit 'een gemiste kans'. De trener is tige wiis mei de priis.