Ien kantoar foar de waadeilannen

23 nov 2006 - 23:02

In grut part fan de amtlike organisaasje fan de fiif waadeilannen moat oer nei ien nij kantoar. Dat is it foarstel fan it Eilanner Kolleezje.

De 'backoffice' is in gefolch fan de fierdere gearwurking fan de Waadeilannen. De Eilanner Ried moat noch wol teset oer it plan. Der moat troch in unôfhinklik buro ûndersocht wurde oft Texel it bêste plak is foar sa'n kantoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)