Hearrenfean ferliest fan Parma

23 nov 2006 - 22:53

Fuotbalclub SC Hearrenfean is sawat útskeakele yn de UEFA-cup. De ploech fan trainer Gertjan Verbeek ferlear tongersdei út by Parma mei 2-1.

Nei trije fan de fjouwer wedstriden yn groep D hat Hearrenfean mar ien punt. Danijel Pranjic sette de Fryske ploech op foarsprong, mar trije minuten letter wie it al wer gelyk troch in doelpunt fan Igor Budan. De Kroatyske spits makke twintich minuten foar tiid it winnende doelpunt foar Parma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)