Nije direkteur Paques Balk

© Omrop Fryslân
Algemien direkteur Jeroen Mes fan it bedriuw Paques yn Balk giet fuort. Hy sil op in oar plak oan de slach. Mei yngong fan 1 jannewaris 2007 wurdt Mes opfolge troch Rob Heim.
Paques ûntwikkelt en makket suverings ynstallaazjes foar wetter en gas op basis fan biotechnology. Heim komt fan it bedriuw Stork en wie dêr oant 2004 algemien direkteur fan Stork Materials Technology. De lêste oardel jier wurke Heim noch foar enerzjybedriuw Essent.