Betelle parkearjen Feemerk Snits

23 nov 2006 - 20:29

It kolleezje fan Snits kiest foarearst foar betelle parkearjen op it Feemerkterrein yn de stêd. Hjirby moat fan tefoaren betelle wurde.

It foarstel komt yn jannewaris yn de ried. It kolleezje hie de foarkar foar achterôf beteljen, mar sa'n systeem freget om ôfsluting fan it terrein. Neffens omwenjenden en ûndernimmers is it parkearterrein dan net goed berikber. Ek soe achterôf beteljen minder parkearjild opbringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)