Maratonriders fernuvere oer SBS

De maratonwrâld is fernuvere oer de feroarings yn programmearing fan it maratonriden op tillevyzje. Dat wurdt sûnt septimber alle sneonen om 6 oere live útstjoerd troch SBS 6. Mar de sjochsifers falle ôf en dêrom begjinne se no om 4 oere middeis.
De Fryske reedrider Jeroen de Vries is skrokken fan it nijs. Hy freget him ôf hoe't it moat as de sjochsifers aansen opnij ôffalle. Miskien ferdwynt it maratonriden dan alhiel by SBS.