Seehûnekresj mooglik nei Fryslân

De seehûnekrêsj Pieterburen ferhuzet mooglik nei Fryslân. De reden is dat der foar nijbou en útwreiding no gjin plak is. Der wurdt serieus sjoen nei alternativen en dêr heart ek de Fryske Waadkust by.
Neffens Leny 't Hart is it belangryk dat der in goed plak foar de seehûnen komt. In bining mei Pieterburen of Grinslân is der wat dat oanbelanget net. Fan de opfongen seehûnen komt 71% fan de Fryske Waadeilannen.